Twa pannen ûntromme yn Drachten nei gaslek

15 okt 2018 - 15:08

Twa pannen oan de Suderdwersfeart yn Drachten binne moandeitemiddei ûntromme nei in gaslek. Dy wie ûntstien trochdat in lieding rekke wie by graafwurksumheden.

Foto: Srfotografie

Omdat it gas ek binnen te rûken wie yn in gebou, is dat ûntromme. It pân dêrnjonken moast ek ûntromje fan de plysje. Ut foarsoarch wie ek de brânwacht teplak. Dy ha mjittingen dien, mar der wiene gjin bysûnderheden. Earder moandeitemoarn wie der yn deselde strjitte ek al in gaslek.

Trefwurden: 
Drachten gaslekkaazje
(advertinsje)