Noppert treft wrâldkampioen Cross op EK

15 okt 2018 - 14:22

Darter Danny Noppert fan De Jouwer wachtet by syn debút op it Europeesk kampioenskip oer oardel wike in flinke útdaging. De 27-jierrige darter is yn de earste ronde yn Dortmund lotte tsjin regearjend wrâldkampioen Rob Cross út Ingelân.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

It dartbûn PDC hat de lotting moandeitemoarn bekend makke. It Europeesk kampioenskip is fan 25 oant en mei 28 oktober. It is ien fan de grutte telefyzjetoernoaien fan it profbûn.

It wurdt net de earste kear dat Noppert tsjin de regearjend wrâldkampioen smyt. Noch gjin trije wiken lyn fersloech hy Cross yn de heale finale fan in Players Championship yn Dublin. Danny Noppert soe dat toernoai letter ek op syn namme skriuwe.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(advertinsje)