Bewenners hûs Holwert hâlde sels ynbrekker oan
Bewenners fan in hûs yn Holwert hawwe sneintejûn in ynbrekker op 'e died trapearre. De 33-jierrige man út de gemeente Dongeradiel bruts yn, wylst de bewenners thús wiene. De bewenners koene de man sels oanhâlde en warskôgen de plysje. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.