Gefaarlike bytskyldpod bedriget Fryske natuer

15 okt 2018 - 13:17

Der driget in grut drama foar de Fryske natuer troch de opkomst fan de bytskyldpod yn ús provinsje. It bist is tige agressyf en byt mei syn sterke kaken yn alles wat er tsjinkomt. De bytkrêft fan in bytskyldpod is hurder as dy fan in grutte krokodil.

In bytskyldpod - Foto: Omrop Fryslân

In Belgyske gruthannel ymportearret de bisten foar minsken dy't se as húsbist hâlde wolle. De bisten binne dêr net geskikt foar, minsken litte se wer frij en sa kin it dat de bytskyldpod hieltyd faker rûnswimt yn ús provinsje. Under oare út rekreaasjegebiet de Grutte Wielen yn Ljouwert komme meldingen fan de bytskyldpod binnen, sa seit Wetterskip Fryslân. Neffens de skyldpodde-opfang op De Harkema is it bist ek by Wolvegea meardere kearen sjoen.

Hy byt krêftiger as bygelyks in grutte krokodil.

Gerard van der Wijk, Stichting Schildpaddenopvang Nederland

"Hy fret alles leech"

De Stichting Schildpaddenopvang Nederland op De Harkema tinkt dat de kommende jierren it tal bytskyldpodden tanimme sil. "Der is in grutte kweker yn België, dy't in protte fan dy bisten nei Nederlân eksportearret", seit Gerard van der Wijk. "Hy fret alles leech. Nei saken dy't bewege hapt er, dus ek einen."

"Fryske Gea soe maatregels nimme kinne"

By it Wetterskip Fryslân binne se op de hichte fan it probleem. "Hy is lêstich en kin flink bite", seit Harry Bosma, ekolooch by it Wetterskip. Eksoatyske bistesoarten yn Fryslân foarmje al langer in probleem. "Wy fine eins dat It Fryske Gea maatregels nimme moat. Se soenen fallen sette kinne", seit Bosma. De ekolooch hat noch wol in advys foar minsken as se in bytskyldpod sjogge: "As jo der ien tsjinkomme, moatte je altyd de biste-ambulânse belje of de skyldpodde-opfang op De Harkema."

Yn Hea! is moandeitejûn in wiidweidige reportaazje oer Stichting Schildpaddenopvang Nederland op De Harkema.

(advertinsje)
(advertinsje)