Waadgebiet wichtich foar fuortbestean reade skries

15 okt 2018 - 12:20

It waad hat as itensgebiet grutte ynfloed op de populaasje fan de reade skries. Dizze fûgel komt ûnder oaren foar yn Noard-Nederlân en dan benammen op Skylge en Flylân, mar hat syn briedgebiet yn Sibearië yn Ruslân. It tal wjirms yn de seeboaiem fan it waad bepaalt no oft de reade skries genôch fretten krije kin, om dizze lange tocht te oerlibjen. Ta dy konklúzje komt in ûndersyksteam fan it Nederlânsk Ynstitút foar Seeûndersyk NIOZ moandei yn in ynternasjonale publikaasje.

Reade skries - Foto: Jan van de Kam

Ut it ûndersyk docht wer ris bliken hoe wichtich it waadgebiet is foar it fuortbestean fan de trekfûgel yn it algemien. "Troch de klimaatferoaring sil de reade skries earder nei Sibearië moatte om dêr noch genôch ynsekten fine te kinnen", sa seit ûndersiker en wittenskipper Theunis Piersma. "Dat bestjut dat de fûgel by syn ferbliuw yn Fryslân yn koarter tiidbestek mear ite moat. Dat fretten moat der dan wol wêze."

Duvelsk dilemma

De pearkes moatte alle jierren wer kieze oft se it iten sels opite of it oan harren piken jouwe. "Faaks kieze de skriezen foar harren piken. Dêrtroch ha se sels in gruttere kâns om it folgjende jier net te heljen. Dat is in duvelsk dilemma."

Theunis Piersma

Fier fan ús bêd show

De opwaarming fan de ierde en de klimaatferoaring liket foar in soad minsken net direkt fan ynfloed te wêzen op ús libben hjir yn Fryslân. Mar neat is minder wier, fertelt Piersma. "As wy achter it buro berekkenje hoe rap de opwaarming giet, en ast dan ûntdekst dat dit fuortendaliks gefolgen hat foar de reade skriezen hjir, dan is dat best bysûnder om te sjen. Neat is in fier fan ús bêd show."

Gefolgen foar minske

Neffens Piersma kinne de resultaten fan it ûndersyk trochlutsen wurde nei de gefolgen fan de klimaatferoarings foar de minsk. "Krekt as de fûgels, sille minsken ek nei gebieten ta wolle dêr't wol genôch iten is en sille har dus ferpleatse."

(advertinsje)