"Ik bin bliid dat ik alarm slein ha"

15 okt 2018 - 12:20

Simon Hoogstins út Ljouwert belle moandeitemoarn betiid de brânwacht, doe't er ûntduts dat it hûs yn de Cambuurstrjitte yn de brân stie. Ek gong er yn de pyjama by de doarren del om elkenien te warskôgjen. "Ik bin bliid dat ik alarm slein ha."

Hy waard moans betiid wekker fan in lûd dat er net goed thúsbringe koe. "Doe't ik út it raam seach, kamen de flammen al út it dak", fertelt Hoogstins. Hy belle fuortendaliks 112 en gong boppedat sels de dyk op om op ramen en doarren te slaan om sa minsken wekker te meitsjen. "Ik ha ek 'Brân, brân!' roppen. Net elkenien reagearret op klopjen op it rút."

In wûnder

It is in wûnder dat der net ien ferwûne rekke is by de brân, fynt ek Hoogstins. "Ik twivele fannacht efkes oft ik wer trochsliepe soe, doe't ik it lûd hearde. Mar ik bin no wol hiel bliid dat ik dochs út it rút sjoen ha. Ik ha sels net folle skea, mar it is wol in fize troep yn 'e hûs. Soks jout altyd in soad oerlêst."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Simon Hoogstins belle 112

(advertinsje)
(advertinsje)