Nederlânske follybalfroulju berikke heale finale op WK nei winst op Feriene Steaten

15 okt 2018 - 11:31

Follybalster Marrit Jasper fan Snits hat mei it Nederlânske follybalteam de heale finale berikt op it wrâldkampioenskip follybal yn Japan. Nederlân wûn moandei mei 3-2 fan de Feriene Steaten, nei 2-0 efterstân yn sets. It is de earste kear dat Nederlân by de bêste fjouwer lannen sit op in WK.

Marrit Jasper is de twadde fan links - Foto: www.orange-pictures.nl

Oranje fleach út de startblokken en naam yn de earste set in royale foarsprong. De Feriene Steaten kamen lykwols sterk werom en dat soarge foar in spannend slot fan de earste set. Nederlân krige mar leafst seis setpunten, mar it wiene de Amerikaansen dy't dochs de set pakten yn 32-30 . Nederlân like oanslein troch it setferlies en ferlear de twadde set mei 25-15.

De Nederlânske froulju rjochten harren wer op yn de tredde set en pakten dy mei 25-22. Ek yn de fjirde set naam Oranje betiid in foarsprong en joech dy net mear út hannen (25-15), sadat in fiifde set de beslissing bringe moast.

Yn dy fiifde set naam Nederlân opnij betiid in foarsprong en stelde de winst ienfâldich feilich yn 15-9. Noch net earder berikte Oranje de heale finale op in WK.

Final Six

De Final Six binne twa pûls fan trije teams. De bêste twa gean troch nei de heale finale. Nederlân sit yn in pûl mei de Feriene Steaten en Sina. Troch it ferlies fan de Feriene Steaten tsjin sawol Sina as Nederlân, binne dy lêste twa lannen al troch nei de heale finale. Nederlân en Sina spylje tiisdei om de groepswinst. Yn de oare pûl stride Italië, Servië en Japan om de twa oare plakken yn de heale finale.

Trefwurden: 
WK Marrit Jasper follybal
(advertinsje)
(advertinsje)