Boargemaster Crone slút twa drugspannen yn Ljouwert

15 okt 2018 - 10:36

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat twa gebouwen yn de stêd slute litten om't der yn de pannen yn drugs hannele waard. It giet om in wenning oan de Camperstrjitte en in loads oan de Cereswei. Yn de gebouwen waard GHB, himp en amfetamine fûn.

Ferd Crone - Foto: Omrop Fryslân

Benammen yn de loads waard safolle himpgrûs fûn dat dêr neffens de plysje in grutte kwekerij yn sitten hat. Mei it sluten fan de gebouwen wol de gemeente Ljouwert de drugshannel tsjingean en oerlêst foar omwenners foarkomme.

(advertinsje)