Ynfloed Ljouwert grutter nei fúzje

07 nov 2011 - 15:43

De fúzje tusken de gemeenten Ljouwert en Boarnsterhim kin de Fryske ynfloed yn Den Haach wolris flink grutter meitsje.

De fúzje tusken de gemeenten Ljouwert en Boarnsterhim kin de Fryske ynfloed yn Den Haach wolris flink grutter meitsje. Mei de fúzje hat Ljouwert mear as 100.000 ynwenners en komt de gemeente yn in spesjaal oerlis te sitten. Ljouwert mei dan bygelyks meiprate oer wêr't grutte ynstânsjes as de plysje festige binne of wurdt frege as testgemeente foar in grut projekt. De fúzje tusken Ljouwert en Boarnsterhim giet yn op 1 jannewaris 2014.

Trefwurden: 
Ljouwert Fúzje grutter ynfloed
(advertinsje)