Man besiket plysje oan te riden en naait út

15 okt 2018 - 09:42

In 43-jierrige automobilist is snein nei in wylde efterfolging oanhâlden nei't er hast in plysjeman oanriden hie. De plysje koe op de Sudergrêftswal yn Ljouwert mar krekt op 'e tiid oan de kant springe. De bestjoerder joech gas en naaide út.

Plysje - Foto: ANP

Hy ried derby fierstente hurd troch it sintrum, naam twa kear in rotonde yn de ferkearde rjochting, joech gjin rjochting oan en ried oer de stoepe. Uteinlik wist de plysje de man op de Grinzerstrjitwei oan de kant te setten. De man joech oan dat er yn panyk rekke wie nei't er de plysjeman hast oanriden hie. De man krige in proses-ferbaal en moat in kursus oer feilich rydgedrach folgje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)