Drankrider wurdt twa kear oanhâlden op ien dei

15 okt 2018 - 09:38

In dôfhûdige drankrider is sneintemoarn betiid yn Ljouwert twa kear oanhâlden. De 52-jierrige Ljouwerter waard op de Bredyk by Goutum oan de kant set om't er slingerjend oer de dyk ried. Hy moast mei nei it buro en krige dêr in proses-ferbaal en in rydferbod foar 5 oeren.

Drankride - Foto: Shutterstock.com

De man bestelde in taksy om him nei hûs bringe te litten. De plysje fûn dat fertocht, om't de man flak neist it buro wennet. Doe't se de taksy folgen, blykte dy nei Goutum te riden, dêr't de man nettsjinsteande it rydferbod dochs wer efter it stjoer krûpte. Hy waard op 'e nij oanhâlden en krige syn twadde proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Ljouwert drankrider
(advertinsje)