Kollum: "Yn ús rjocht"

"Vol verwachting klopt ons hart, wie de koek krijgt, wie de gard. Dat gefoel krige ik ôfrûne wike. It wie de wike fan de rjochtsaak tsjin de 34 minsken dy't fertocht wurde fan it blokkearjen fan de A7. Al rap hie hiel Nederlân it oer de 'Blokkeer-Friezen'. Ek ik siet de hiele dei foar it live-blog dêr't ferslachjouwer Auke Zeldenrust ús meinaam de rjochtseal yn. Want stikem wie ik nijsgjirrich nei wat der sein waard. Mar dat nijsgjirrige gefoel makke plak foar in oare emoasje doe't ik tongersdei krekt nei tsienen it folgjende berjochtsje lies:
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
"De Fryske taal soarget foar wat argewaasje. De advokaat fan Kick Out Zwarte Piet kin it net mear folgje en freget om in oersetting. Der wurdt no in tolk by roppen en dy sit no neist Jenny Douwes om har ferhaal oer te setten. In sjoernalist fan in lanlik medium is ferbjustere. "Praat toch gewoon Nederlands hier, dan kan iedereen het verstaan!"
Eeeh, hallo? Watte? Hoe dôfhûdich moast wêze om no noch altyd net te snappen dat wy hjir yn Fryslân Frysk prate? Ik snap wier neat fan sa'n reaksje. Wat tinkt sa'n sjoernalist no sels as er de provinsjegrins oer rydt; dat wy hjir Russysk prate? Bêste sjoernalist; yn Fryslân prate wy Frysk. Al hiel lang. Dus stel dy net sa oan.
Der sille no minsken wêze dy't tinke: Nynke kalm oan in bytsje. Mar ik fyn dit sokke klinkkleare ûnsin. Dit is krekt like ûnnoazel as wannear't ik nei Frankryk ryd en dêr yn in rjochtseal sitten gean en ferfolgens begjin te stampfuotsjen as se Frânsk prate. Dat ik dêr omeamelje dat se normaal Nederlânsk prate moatte, simpelwei omdat ik gjin Frânsk ferstean kin. Dan seit toch ek elkenien: "Jammer dan foar dy, mar yn Frankryk prate se no ienkear Frânsk". No, sa is dat yn Fryslân krekt sa. Hjir prate wy Frysk.
Mar it aldermoaiste is noch wol dat sa'n seiksnor dizze reaksje jout midden yn in rjochtseal. Just it plak dêr't elk him yn syn eigen taal uterje mei. Wy Friezen dus yn it Frysk. Want, bêste sjoernalist, dit is gjin brabbeltaaltsje dat wy yn in gekke bui wolris brûke yn de kroech as wy wat bierkes op ha. Dit is gjin sabeare prytpraatsje dat wy allinnich noch yn histoaryske boeken lêze. Nee, dit is de offisjele twadde rykstaal fan ús lân, dy't wy alle dagen brûke. Oeral, wêr't wy ek binne. Want dat mei. Dat is ús rjocht. Seker yn de rjochtseal.
Mar op de iene of de oare wize wol dit idee der mar net yn by Hollanners. Dy dogge noch altyd bernich as se it Frysk hearre. Krekt as sitte wy mei ús allen op de kleuterskoalle. It docht my tinken oan it ferske fan Juf Ank fan De Luizenmoeder. Miskien moatte wy dat wat oanpasse, dat Hollanners it ek snappe. 'Hallo allemaal, wat fijn dat je er bent. Ben je voor het eerst hier of ben je al bekend? Stamp met je voeten als je het Fries niet kunt verstaan. Weet je wat je doet? Klop bij de Afûk aan."