Westerhof wol mei F)rede fan Fryslân in oar lûd hearre litte

15 okt 2018 - 06:44

"Ik bin der klear mei", stiet boppe in tweet fan Oeds Westerhof. It slacht op alle kommoasje fan ferline wike nei oanlieding fan de rjochtsaak tsjin de A7 blokkearders. De Fryske flagge wappere geregeld as symboal foar de blokkade. As tsjinlûd ropt Westerhof op om 20 oktober nei Ljouwert te kommen foar it evenemint F)rede fan Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Westerhof wol mei syn aksje 'it midden' in stim jaan. "Us identiteit hinget net ôf fan it ferlies fan Swarte Pyt. Groepen binne út op ûnrest en polarisaasje. Wy wolle dat de klam leit op frijheid en mienskip."

Oeds Westerhof oer F)rede fan Fryslân

(advertinsje)