Brân yn appartemintekompleks Ljouwert

15 okt 2018 - 06:10

Yn in gebou oan de Cambuurstrjitte yn Ljouwert hat moandeitemoarn betiid in brân west. Yn it gebou sitte tsien apparteminten. De wennings binne ûntromme. Alle bewenners wiene op 'e tiid út de apparteminten en der binne gjin minsken ferwûne rekke. De brânwacht joech krekt foar seis oere it sein 'brand meester'.

De bewenners binne op in oar plak opfongen. Neffens de brânwacht siet de brân yn it dak. De helptsjinsten wiene mei grut materieel útriden om it fjoer te blussen en slachtoffers op te fangen. "De plysje en de brânwacht ha de minsken sa rap mooglik út de wennings holpen", fertelt Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht. "Dit is in lossteand hûzeblok, der hat gjin gefaar west foar de oare hûzen."

Undersyk nei de oarsaak

Der wurdt noch ûndersyk dien nei hoe't de brân ûntstean koe. Neffens de brânwacht kinne de measte bewenners fan 'e jûn wol wer yn harren hûs sliepe.

Foto: Robert Jan Boonstra

Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht

(advertinsje)