Grutte plysje-ynset by syktocht nei oerfaller op It Hearrenfean

14 okt 2018 - 20:43

De plysje op It Hearrenfean is op syk nei in man mei in stellen kassalade. Der wurdt mei meardere weinen en motors socht. Sneintejûn om kertier foar achten hinne soe de fertochte in snackbar oan de Jister oerfallen ha.

De plysje siket op It Hearrenfean nei in man mei in kassa - Foto: De Vries Media

De fertochte hat by de oerfal in meiwurker fan de snackbar mei in stekwapen bedrige. De meiwurker rekke hjirby net ferwûne. De oerfaller naaide dêrnei út mei in noch ûnbekende bút. De meiwurker draafde efter de oerfaller oan, mar rekke him kwyt.

De oerfaller is op de Zwanedrift de boskjes yn draafd. Minsken wurde oproppen om yn dy omkriten út te sjen nei in lytse, tinte man mei in swarte hoodie en swarte Adidas-skuon oan. De man hat kassa of kassalade by him.

Minsken dy't de man sjogge, wurde oproppen om sels gjin aksje te ûndernimmen, mar de plysje te beljen.

Trefwurden: 
It Hearrenfean oerfal kassa
(advertinsje)