Reedrider Douwe de Vries is heit wurden

14 okt 2018 - 20:06

Reedrider Douwe de Vries fan Hallum is heit wurden fan in soan. De namme fan it jonkje is Melle Marten. Op Twitter skriuwt De Vries dat syn soan sneontejûn berne is en dat mem Yanna en lytse Melle it goed meitsje.

Yn april makke de sportman al bekend heit te wurden. No is it dus lang om let safier.

Trefwurden: 
Douwe de Vries
(advertinsje)