Wim Anker: Reaksje Twan Huys yn RTL Late Night net goed

14 okt 2018 - 19:15

Advokaat Wim Anker is net te sprekken oer it optreden fan presintator Twan Huys fan de talkshow RTL Late Night, ôfrûne freed. Anker en syn kliïnte Jenny Douwes fan Drachten sieten freed yn de talkshow fanwegen de rjochtsaak oer de A7-blokkade, dêr't Douwes it boechbyld fan is. It optreden fan Jenny Douwes, Wim Anker en Twan Huys soarge foar de nedige opskuor.

Wim Anker en Jenny Douwes - Foto: RTL

Oerfallen

Under de útstjoering waarden Wim Anker en Jenny Douwes oerfallen troch de meidieling fan presintator Twan Huys dat de foarman fan Kick Out Zwarte Piet ek oan tafel oanskowe soe. Dit wie neffens Douwes net de ôfspraak. Jenny Douwes wegere dan ek te praten mei de foarman fan Kick Out Zwarte Piet, Jerry Afriyie. Huys reagearre dêrop troch te sizzen dat der ôfspraken makke wiene dat alle partijen oan tafel sitte soenen.

Unterjochte en teloarstellend

Neffens Anker en Douwes is dit net wier. Anker fynt dat Huys sizze moatten hie dat der yn de tarieding op de RTL Late Night-útstjoering in miskommunikaasje plakfûn hie, yn pleats fan Douwes en Anker te ferwiten dat se net mei Kick Out Zwarte Piet prate woenen. Anker neamt op de webside fan syn advokatekantoar de gong fan saken by RTL Late Night "ûnterjochte en teloarstellend."

"Jenny Douwes schond afspraken"

Neffens de advokaat fan Jerry Afriyie, Goran Sluiter, wie it net RTL Late Night dat de ôfspraken skeinde, mar Jenny Douwes sels. Dat skriuwt er op de webside fan BNNVara. Neffens Sluiter is mei sawol him en Jerry Afriyie as mei advokaat Wim Anker en Jenny Douwes ôfpraat dat beide partijen oan tafel oanskowe soene.

Sluiter is net bliid dat RTL Late Night tajûn hat "aan de grillen van Jenny Douwes". Hy fynt dat hjirmei ôfspraken skeind binne en dat Douwes hjirtroch de gelegenheid krige om de ynhâld fan de útstjoering te "dicteren".

(advertinsje)