Trainer René Hake: "80 minuten niet thuis gegeven"

14 okt 2018 - 18:27

"We hebben vandaag een minuut of tien in de wedstrijd gezeten", sei trainer René Hake fan Sportklup Cambuur snein nei ôfrin fan it 3-0 ferlies by Sparta Rotterdam. "We wisten van tevoren dat het zwaar zou worden. Dat is niet erg, maar vandaag hebben we tien minuten goed gespeeld. Dat betekent dat we 80 minuten niet thuis hebben gegeven."

Undergrins

Ek keeper Xavier Mous hat net it idee dat Cambuur echt yn de wedstriid sitten hat: "Misschien in het begin, toen we wat kansen kregen. Maar na de 1-0 van Sparta zakten we al vrij snel door de ondergrens."

Mous bewarre syn ploech nei de 1-0 efterstân noch in skoftlang foar in grutter ferlies troch ferskate Sparta-ynsetten te kearen. Mar ek hy koe net foarkomme dat Sparta úteinlik noch twa kear skoarde. "Het zat er vandaag niet in. Echt domme fouten waardoor de 2-0 en de 3-0 vallen. Ik kan er met m'n pet niet bij. We hebben dit over ons zelf afgeroepen", sipt de keeper.

Debút Julian Calor

It wie snein it debút fan Julian Calor. Hy baalt tige fan syn earste wedstriid yn it earste fan Cambuur: "Het is zonde om op deze wijze mijn debuut te maken. En zonde van het resultaat. Het was echt een mindere wedstrijd."

(advertinsje)