SC Cambuur ûnderút by Sparta Rotterdam

14 okt 2018 - 16:23

Sportklup Cambuur hat sneintemiddei yn de Keukenkampioen-divisie ferlern fan Sparta. Yn Rotterdam waard it 3-0 foar de thúsploech. It wie it tredde kompetysjeduel op rige dat de ploech fan trainer René Hake ferlear.

Cambuur begûn net goed oan de wedstriid. De klup kaam al nei sân minuten op efterstân troch in eigen doelpunt fan ferdigener David Sambissa, nei in skot fan Lars Veldwijk. Sambissa rekke by de aksje blessearre, moast it fjild ferlitte en waard ferfongen troch Omar El Baad. Cambuur krige geandewei de earste helte mear kânsen fia Nigel Robertha, mar ta in goal kaam it net. Sparta sette oan 'e ein fan de earste helte ek oan en skoarde wol: Lars Veldwijk makke de 2-0 út in penalty. Kevin Schindler helle Ilias Alhaft ûnderút, wêrnei Veldwijk fan 11 meter raak skeat.

Twadde helte

Nei it skoft kaam Cambuur der net echt mear oan te pas. De Ljouwerters koene de 2-0 efterstân net omkeare. Veldwijk bleau gefaarlik, mar keeper Xavier Mous soarge der lange tiid foar dat Sparta de skoare net fierder útboude. Dochs waard it noch 3-0 foar Sparta, nei in goal fan Mohamed Rayhi en wie de wedstriid definityf spile. It is it tredde ferlies op rige foar Cambuur.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sparta Rotterdam - SC Cambuur 3-0 (2-0) 7. David Sambissa (ed.) 1-0, 42. Lars Veldwijk 2-0, 76. Mohamed Rayhi 3-0.

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa (12. El Baad); Calor (61. Rossi), Schindler, Boerlage; Mathieu, Conraad (74. Kallon), Robertha.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)