De 'fermiste' troujurk fan Anke Dijkstra yn byld

14 okt 2018 - 16:12

Anke Dijkstra hat in skoft yn spanning sitten, want soe har breidsjurk wol op tiid oankomme foar de grutte dei? De breid hie de jurk online besteld út Australië en dy wie begjin septimber al oankommen en frijjûn troch de dûane. Mar al wat kaam... gjin jurk. Nei in oprop op de radio wie it woansdei, ta har grutte opluchting, twa dagen foar de trouwerij dochs lang om let safier... en Omrop Fryslân hat de foto's!

Foto: Maaike Andrews
Trefwurden: 
Anke Dijkstra breidsjurk
(advertinsje)