Nederlân wint ek twadde duel op EK kuorbal mei gemak

14 okt 2018 - 15:58

Op it Europeesk kampioenskip kuorbaljen yn Fryslân hat de Nederlânske ploech ek de twadde wedstriid mei rom ferskil wûn. Yn sportsintrum Koartsweagen op De Gordyk waard Ingelân snein mei 31-10 ferslein. Op foarhân is Nederlân de topfavoryt foar de Europeeske titel. Oranje wûn ek de seis eardere edysjes.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Team NL en Ingelân giene oan it begjin fan de wedstriid lykop, mar dêrnei rûn Nederlân rap by Ingelân wei en mei de rêst stie it al mei 17-6 foar. Nei it skoft boude Nederlân dizze foarsprong fierder út nei de 31-10 einstân.

Oranje hat twa spilers mei in Fryske link. De Gordykster Erwin Zwart fan LDODK, dy't yn 2014 en 2016 ek al Europeesk kampioen waard, en LDODK-spylster Marjolijn Kroon hearre ta de tolvekoppige seleksje fan bûnscoach Wim Scholtmeijer. Erwin Zwart skoarde twa kear. Marjolijn Kroon trije kear.

Stunt

Dútslân soarge sneintemiddei foar de earste grutte ferrassing op dit toernoai troch mei 20-18 te winnen fan favoryt België. Troch it ferlies fan België, soe dat lân kommende woansdei al yn de kwartfinale de tsjinstanner wurde kinne fan Nederlân.

Nederlân spilet moandei yn Drachten earst noch de lêste groepswedstriid tsjin Poalen.

Bûnscoach Wim Scholtmeijer

Erwin Zwart

Fryslân is fan sneon 13 oant en mei snein 21 oktober it dekôr fan it Europeesk kampioenskip kuorbal. It EK wurdt yn ús provinsje hâlden, omdat it yn 2018 hûndert jier lyn is dat kuorbal yn Fryslân yntrodusearre waard. De wedstriden wurde spile yn Sportsintrum Kortezwaag op De Gordyk, de Snij Noordhal yn Drachten, Sporthal Kealledykje yn Ljouwert en Sportstad Hearrenfean.

Trefwurden: 
kuorbal EK
(advertinsje)