"It hat noch nea sa drok west en dat komt troch de fontein"

14 okt 2018 - 15:17

De komst fan de fontein nei Drylts hat it tal besikers oan de monumintale mûne yn de stêd ferdûbele. Ferline jier brochten mear as achttûzen minsken in besite oan houtseachmûne De Rat. "En it wiene minsken dy't hjir oars perfoarst net komme soene", sa seit mûnder Simon Jellema. "Se komme hjir nei de fontein en sjogge dan efkens fierderop de mûne stean en kuierje dan ek noch efkens hjir nei binnen."

Fanút de mûne hawwe je in goed útsicht op drokte by de fontein sels. No, heal oktober, is it al wer in stik minder drok. Mar dochs rint der in lyts groepke om de blommen en flinters hinne. Jellema: "Fan it simmer wie it alle dagen drok by de fontein. Benammen Friezen dy't op de fyts by de fonteinen del giene. Sa no en dan komme der fan dy grutte bussen, dy't dan yn ien dei alle fonteinen by del geane. Dêr hiene we dan wer net safolle oan, want dy ha allinnich tiid foar de fontein en moatte gau wer troch."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Jellema hat de pleatsing fan de fontein echt in goed beslút west fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Ek it terrein der om hinne is opknapt, wêrtroch't ek de mûne folle better te sjen is. Ek dat soarget foar mear besikers.

Dêrneist is der yn it ôfrûne jier troch de houtseachmûne gearwurke mei in tal oare musea op it mêd fan promoasje. Jellema hopet dat dat ek yn de takomst trochgiet. "We hawwe echt profitearre fan it Kulturele Haadstêdjier, mar ik hoopje dat we dat fêsthâlde kinne."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga sjocht yn Drylts by de fontein en by De Rat

It útsicht op de fontein - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)