Kening fan de Greide op syk nei in ferzje 2.0

It is in projekt dat al in tal jierren besiket om de biodiversiteit yn de Fryske greiden omheech te krijen: Kening fan de Greide. Mar de foaroanman fan it boargerinisjatyf Klaas Sietse Spoelstra docht ynkoarten in stap werom. It is ûndúdlik wat dit foar it projekt betsjutte sil.
Klaas Sietse Spoelstra © Omrop Fryslân
Klaas Sietse Spoelstra is de heechste Fries op de list fan meast duorsume Nederlanners. In list dy't alle jierren troch Trouw gearstald wurdt. Oare Friezen op dy list binne Bouwe de Boer (op 88) en biolooch Theunis Piersma (op 89).
Spoelstra is de man achter it boargerinisjatyf "Kening fan de Greide". No, nei seis jier docht er in stap werom. "It boargerinisjatyf Kening fan de Greide moat net in soarte fan ynstitút wurde", sa seit er. It is tiid foar nij bloed en miskien in nije foarm. Hoe en wat wol er him bewust net mei bemuoie. Hy lit de takomst fan it projekt bewust oer oan oare frijtinkers. Wa't dat is en hoe't it dan komt, dat is foar elkenien no ôfwachtsjen.
Klaas Sietse Spoelstra die syn útspraken yn ús programma Buro de Vries.
Harkje hjirre nei in petear mei Klaas Sietse Spoelstra