Fyts kwyt? Sjoch ris op it dak!

14 okt 2018 - 10:00

Stappers dy't sneontejûn fuort wiene nei bar dancing Quatrebras, en dêrnei harren fyts net mear fine koene dogge der neffens de plysje goed oan om omheech te sjen.

Foto: Plysje Noardeast Fryslân (Instagram)

Unbekenden hawwe sneontejûn in grut tal fytsen op it dak fan de diskoteek delset. Se binne der net opsmiten, mar steane op de stander parkearre op it dak. De plysje noardeast Fryslân warskôget minsken dan ek om net fuort oanjefte te dwaan as se harren fyts kwyt binne nei in jûntsje stappen, mar om earst ris omheech te sjen. Want miskien stiet harren 'fermiste' fyts wol op it dak fan de diskoteek.

Trefwurden: 
plysje stappers fytsen
(advertinsje)