Auto brânt út yn Drachten

14 okt 2018 - 09:32

Helptsjinsten moasten yn de nacht fan sneon op snein yn Drachten yn aksje komme foar in autobrân, wêrby't ek in garaazjeboks skea oprûn.

Foto: SR Fotografie

De auto stie parkearre foar in tal garaazjeboksen yn de Bouriciuslaan. It fjoer hat der nei alle gedachten foar soarge dat de auto rôljen gie, wêrtroch't it foertúch tsjin de garaazjeboksen oanriden is. Hjirtroch hat ek de garaazje skea oprûn.

It is net dúdlik hoe't de auto yn de brân fleane koe. De brânwacht hat ien fan de garaazjeboksen iepen makke om dêrnei de binnenkant fan it gebou ek wiet te meitsjen. De auto wie net mear te rêden. Buertbewenners waarden troch de brânwacht op ôfstân hâlden om't der lûde knallen te hearren wiene.

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)