Dokkumer band oppikt troch Britske parse

De Dokkumer band The Homesick is troch de Britske krante The Guardian oppikt as in band om yn de gaten te hâlden. It muzikale trio fan Elias Elgerma, Erik Woudwijk en Jaap van der Velde wurdt troch de krante omskreaun as in eksintrike groep mei in goed gefoel foar humor.
© The Homesick (Facebook)
The Homesick timmeret al in aardich skoftke ynternasjonaal oan de dyk. De band is op dit stuit op toernee yn Skandinavië, en hat ûnder oare optredens hân yn Aarhus en Malmö. De toEr sil de kommende wiken fierder gean yn Ingelân, dêr't de band ûnder oare yn London, Leeds en Manchester spylje sil.
The Guardian omskriuwt de Fryske band as provinsjale provokateurs út "the unlikely rock'n'roll hotbed of Dokkum." Oer harren debútalbum Youth Hunt dat ferline jier útkaam skriuwt de krante: "It brânt mei hoekige gitaren, en soarget foar in millennial update fan de Pink Flag-tiid fan de band Wire, mar dan wol mei in sûne dosis humor."
The Homesick waard yn 2013 oprjochte troch Elias Elgerma, Erik Woudwijk en Jaap van der Velde fan Dokkum. De trije muzikanten spylje muzyk yn it sjenre 'noisepop'. De band waard yn 2013 op in muzykwedstriid oppikt troch Subroutine Records, wêrnei't se yn 2014 har offisjele debút EP Twst Yr Wrists útbrochten. Yn 2017 folge dêrop harren debútalbum Youth Hunt, dat foar in grut part troch de bandleden sels produsearre en opnaam is.
De Dokkumer band hat al meardere kearen toernees troch Europa dien, en stie ûnder oare yn it foarprogramma fan de Britske band Franz Ferdinand.