UNIS Flyers wint mei grutte sifers fan Zoetermeer Panters

14 okt 2018 - 07:30

De iishockeyers fan de UNIS Flyers fan It Hearrenfean hiene sneontejûn gjin muoite mei de Zoetermeer Panters. De Feansters wûnen mei 7-1 fan de gasten út Zoetermeer.

Foto: Martin de Jong

Al nei in kertier spyljen stie de thúsploech op in 2-0 foarsprong troch goals fan Kevin Nijland en Pippo Limnell Finocchiaro. Yn de twadde perioade koe Adam Bezak der sels noch 3-0 fan meitsje. It duorre oant de tredde perioade foar't de gasten út Zoetermeer wat weromdwaan koene. Nei Feanster goals fan oanfierder Tony Demelinne en opnij Pippo Limnell Finocchiaro wie it Valentijn Scheffe dy't far de gasten de earegoal makke. De stân wie doe al útrûn nei 5-1.

Jasper Nordemann en Ronald Wurm makken it dêrnei ôf en setten de einstân fan 7-1 op it skoareboerd. De Flyers steane dêrmei op in twadde plak yn it klassemint, mei trije punten efterstân op de nûmer ien, de Microz Eaters út Limboarch.

Takom wike moatte de Flyers tsjin de Trappers út Tilburg.

(advertinsje)