Brûns foar Fryske Laila van der Meer op Olympyske Jeugdsimmerspelen yn Buenos Aires

13 okt 2018 - 22:29

By de Olympyske Jeugdsimmerspelen yn Buenos Aires pakte it Nederlânske sylduo Laila van der Meer út Grou en Bjarne Bouwer in brûnzen medalje. It twatal helle de einstreek as fjirde en einiget dêrmei as tredde yn it einklassemint. It goud gie nei it Argentynske duo Cittadini en Romairone.

Laila van der Meer en Bjarne Bouwer yn Argentinië - Foto: ANP

It Nederlânske Nacra-team kaam grutsk fan it wetter: "We zijn supertevreden met het resultaat. Dit was echt onze droom", fertelt Bouwer. "Het hele jaar zijn we vierde geworden, dus het was tijd voor een medaille. We zijn er hartstikke blij mee!"

Trefwurden: 
silen Laila van der Meer
(advertinsje)