VC Snits giet ek yn twadde kompetysjeduel ûnderút

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn ek de twadde kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern. Nei it ferlies yn it iepeningsduel tsjin Springendal Set-Up '65 (3-1), stapte de ploech fan trainer Paul Oosterhof ek thús tsjin Eurosped mei in nederlaach fan it fjild (3-2).
Follybal © Shutterstock.com
De Snitsers begûnen goed oan de wedstriid en sleepten de earste set binnen (25-20). Dêrnei wiene de rollen omdraaid. De klup út Vroomshoop bepaalde en wûn de twadde set (25-23).
Snits wie it hielendal kwyt, wêrtroch't Eurosped ek de tredde set binnenslepe koe (25-17). Yn de fjirde set rûn Eurosped al gau in pear puntsjes út, mar dêrnei rjochte Snits de rêch mei úteinlik setwinst as resultaat (25-18).
Yn de fiifde en beslissende set gie it lykop tusken beide ploegen, mar it wiene de besikers dy't oan it langste ein lutsen (15-13) en dêrmei de Snitsers mei in kater efterlieten.
Nije wike woansdei spilet Snits de útwedstriid tsjin Regio Zwolle. It duel begjint om 19.30 oere.