Aris wint earste thúswedstriid yn kompetysje fan Apollo

13 okt 2018 - 22:16

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de earste thúswedstriid fan it seizoen wûn. Yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert wie de ploech fan trainer Tony van den Bosch te sterk foar Apollo út Amsterdam (77-65).

Foto: Aris Ljouwert

It wie it tredde duel dit seizoen foar de Ljouwerters. De earste waard wûn fan Den Helder (68-67) en de twadde, ferline wike sneon, tsjin Donar út Grins gie ferlern (91-57).

Aris begûn yn eigen hûs net goed tsjin de Amsterdammers. Nei it earste kwart giene de besikers dan ek oan de lieding (24-18). Der moast in skepke boppe-op en dat die Aris: de ploech bûgde de efterstân om yn in foarsprong (37-33).

Nei it skoft gie it yn it tredde kwart lyk op (56-51). Yn it fjirde en lêste kwart fan de wedstriid kaam Aris net mear yn de problemen, rûn it sels út en pakte it de twadde oerwinning fan it seizoen (77-65).

Nije wike sneon spilet Aris thús tsjin Weert. Dy wedstriid begjint om 20.00 oere.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)