Gasprobleem ferholpen, NE-Fryslân kin de kachel wer oansette

13 okt 2018 - 21:59

Bewenners fan in tal doarpen yn Noardeast-Fryslân en Skiermûntseach hawwe wer gas. Fan sawat kertier foar njoggenen sneontejûn ôf streamt it gas wer troch de liedings.

Gaslekkaazje by Metselwier - Foto: De Vries Media

Netbehearder Stedin advisearret om de cv-tsjettel te resetten. Minsken dy't der net út komme, kinne belje mei it lanlike steuringsnûmer, 0800-9009. Dêr nimme se de klacht op en stjoere se monteurs del om de problemen op te lossen.

De bewenners fan it troffen gebiet benoarden de line Easternijtsjerk-Ternaard hawwe sneon oeren sûnder gas sitten. Dêr falle de doarpen Wierum en Nes ûnder, en ek it eilân Skiermûntseach. De bewenners koene net itensiede en de kachel net oansette, alteast as dy op gas rûnen.

(advertinsje)