Nasjonale turnteam mei dêryn Michel Bletterman rêdt it net op tsjin Switserlân

It nasjonale turnteam naam it sneontejûn by de ynterlânwedstryd op tsjin Switserlân. Epke Zonderland melde him koart foar it begjin fan de wedstriid yn Hoofddorp ôf om privee-redenen. De Nederlânske ploech, mei ûnder oaren Michel Bletterman út Ljouwert, hie de help fan Zonderland goed brûke kind.
Michel Bletterman © ANP
Yn dizze lêste ynterlânwedstriid op wei nei it WK waard it Nederlânske team fan Van Bokhoven twadde, mei in totaal fan 248,667 punten. De Switsers giene mei de winst nei hûs. Sy behellen 250,665 punten.
Op 18 oktober reizget de ploech ôf nei it WK yn Doha, Katar.