Nederlân wint mei grut ferskil fan Kataloanië op it EK kuorbaljen

13 okt 2018 - 21:15

Op it Europeesk kampioenskip kuorbaljen hat de Nederlânske ploech de earste wedstriid mei rom ferskil wûn. Yn sportsintrum Koartsweagen op De Gordyk waard Kataloanië mei 31-13 ferslein. Op foarhân is Nederlân de topfavoryt foar de Europeeske titel. Oranje wûn ek de seis eardere edysjes.

Foto: Martin de Jong

In wedstriid op it EK duorret fjouwer kear tsien minuten suvere spyltiid. Nederlân pakte it earste 'kwart' mei 8-1 en dêrnei waard it 15-3 by it skoft. Nei 23-7 waard de einstân 31-13.

It publyk op 'e Gordyk seach in frivoal en technyske superieur Nederlân. It minpunt fan Oranje wie de ôfwurking. Hie de ploech goed tûk west, dan hie de skoare folle heger útfallen.

De LDODK'ers Erwin Zwart en Marjolijn Kroon kamen fansels ek yn aksje. Zwart wie goed foar trije goals, Kroon makke der twa. Snein komt Nederlân wer yn aksje. Opnij op De Gordyk. Om kertier foar trijen is Ingelân de tsjinstanner.

Trefwurden: 
kuorbal EK
(advertinsje)