ONS Snits-spits Yumé Ramos nei jier fan blessueres werom

Yumé Ramos is ien fan de beste spitsen fan it Nederlânske amateurfuotbal. Yn alle gefallen yn it Noarden. Hy spilet no al foar it fjirde seizoen by ONS Snits. Ferline jier rekke er swier blessearre, mar de doelpuntemasine is no werom.
ONS Snits-spits Yumé Ramos nei in jier blessueres wer werom
Yn potinsje hat ONS Snits de bêste oanfal fan de tredde difyzje. Mei Martijn Barto en Ramos hawwe se twa topspitsen en mei Curty Gonzales en Genridge Prijor echte smaakmakkers. Barto is op dit momint blessearre en Ramos is net altyd wis fan in basisplak dit seizoen. En dat wylst er noch mar krekt wer hielendal fit is.
Ferline seizoen hie er in swiere krúsbânblessuere. "Ik merk dan ook dat ik er nog niet helemaal ben. Op training gaat het goed, maar bij zo'n blessure duurt het even voordat je terug bent op je oude niveau."

ONS ferrassing fan it seizoen?

Gewoanwei hat ONS Snits ien fan de leechste budzjets fan de tredde difyzje en dus is it logysk dat se tsjin degradaasje spylje moatte. Mar op papier hat ONS in ploech dy't dit seizoen miskien wol útgroeie kin ta de ferrassing fan it seizoen.
"Op papier zou je kunnen zeggen: je kunt meedoen met de bovenste vijf. Maar we hebben nog te veel blessures, momenteel."
Ramos spile foar Alcides, WKE en ONS Snits. Mar ek by Spakenburg. It betelle fuotbal hat er nea helle. Dochs koe er nei PEC Zwolle.
"Daar heb ik wel spijt van. Ik koos toen voor Spakenburg. Ook omdat ik een maatschappelijke carrière heb en PEC toen op het punt stond om te promoveren naar de eredivisie. Dan was de stap wel heel groot geweest. Maar nu weet ik nooit hoever ik had kunnen komen."
© Dijksfotografie

Yumé Ramos

Leeftiid: 31 jier
Berne yn: Grinslân
Opgroeid yn: Giethoorn
Wenplak: Winsum (Grinslân)
2007-2009 Alcides
2009-2010 Olde Veste
2010-2012 Alcides
2012-2013 Spakenburg
2013-2015 WKE
2015-heden ONS Snits