Lykspul foar kuorballers fan Mid-Fryslân, SCO ferliest

13 okt 2018 - 19:56

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon lykspile tsjin Oost-Arnhem. It waard 19-19. De Friezen dien it foar de rêst goed, mei tuskenstannen fan 3-1 en 5-4. Dochs gie Mid-Fryslân mei in 7-8 achterstân de rêst yn. Dêrnei gie it aardich lykop. Flak foar de ein kamen de Friezen noch achter te stean, mar dat waard lyklutsen yn in einstân fan 19-19.

SCO tsjin KCC - Foto: PEEM Media

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea moasten it sneontejûn thús opnimme tsjin koprinner KCC út Capelle aan den IJssel. Dy wedstriid einige yn in ferlies. It waard 20-14 foar KCC.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)