LIVE: EK kuorbal Nederlân-Kataloanië

13 okt 2018 - 19:33

Oant en mei snein 21 oktober wurdt yn Fryslân it Europeesk kampioenskip kuorbal hâlden. It is dit jier hûndert jier lyn dat kuorbaljen yn Fryslân yntrodusearre waard. De ôftraap fan it EK is sneontejûn om 20.00 oere op De Gordyk mei de wedstriid tusken Nederlân en Kataloanië.

LDODK

Oranje hat twa spilers mei in Fryske link. De Gordykster Erwin Zwart fan LDODK, dy't yn 2014 en 2016 ek al Europeesk kampioen waard, en LDODK-spylster Marjolijn Kroon hearre ta de tolvekoppige seleksje fan bûnscoach Wim Scholtmeijer.

Snein komt Nederlân opnij yn aksje yn de poulefaze. Dan wer op De Gordyk tsjin Ingelân. De lêste groepswedstriid is op moandei 15 oktober yn Drachten tsjin Poalen. As Nederlân trochgiet nei de finales, dan komt de ploech yn aksje op woansdei 17 oktober yn Ljouwert foar de kwartfinales. De heale finale (freed 19 oktober) en de finale (snein 21 oktober) wurde spile by Sportstêd Hearrenfean.

Trefwurden: 
kuorbal EK
(advertinsje)