Sven Kramer iepenet seizoen mei baanrekôr yn Inzell

13 okt 2018 - 18:58

Sven Kramer hat yn Inzell in nij baanrekôr delset. Hy ried de 5000 meter yn in tiid fan 6.10.9. Dat wie 0.43 rapper as syn foarige toptiid. De 5000 meter is Kramer syn spesjaliteit. Hy helle op trije Olympyske Spelen achterinoar goud op dy ôfstân.

Foto: www.orange-pictures.nl

Olympysk kampioen Kjeld Nuis behelle yn Inzell in nij baanrekôr op de 1000 meter. Syn tiid (1.07.70) wie in romme ferbettering fan de 1.08.24, dy't ek op syn namme stie. Patrick Roest en Ronald Mulder behellen ek in in nij baanrekôr yn it Dútske Inzell.

Nij reedrydseizoen

Op freed 2 novimber begjint it nije reedrydseizoen offisjeel. Dan is op It Hearrenfean in pleatsingswedtriid foar de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer
(advertinsje)