Striemin wykein Fryske sneonsamateurs: net skoare en alle wedstriden ferlern

13 okt 2018 - 17:50

De Fryske topklups fan it amateurfuotbal belibben sneon in minne dei. Alle trije de klups ferlearen sûnder ek mar in inkelde goal te skoaren.

Rowdy van der Putten sjit Lisse nei de 2-0 oerwinning tsjin Harkemase Boys - Foto: Orange Pictures

Yn de tredde difyzje spile ONS Snits thús tsjin Ajax. It waard 2-0 foar de Amsterdammers. Kenneth Misa Danso makke yn de 32ste minút de earste goal en nei de rêst yn de 65ste minút it beslissende doelpunt.

Yn dyselde difyzje spile Harkemase Boys út tsjin FC Lisse. Dêr foelen de twa doelpunten ek by de tsjinpartij: Kevin Vermeulen yn de 38ste minút en Rowdy van der Putten yn de 79ste minút. De 2-0 wie ek de einstân.

Ien klasse leger, yn de haadklasse B, naam Bûtenpost it op sportpark De Swadde op tsjin Excelsior '31 út Rijssen yn Oerisel. De Friezen ferlearen mei 0-3. Doelpuntmakkers wiene Cem Köse en Hielke Penterman (twa goals).

Trefwurden: 
ONS fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)