Twahûndert dielnimmers rinne mei yn stil protest tsjin ôffaloven Harns

13 okt 2018 - 17:21

Sawat twahûndert minsken hawwe sneon yn Harns in stil protest hâlden tsjin de ôffalferbaarningsoven fan de REC. Dat binne mear as de organisaasje ferwachte hie.

De organisatoaren wolle mei de stille tocht harren machteleazens ta utering bringe. Der is wol gauris wat mis mei de oven. Sa moast de brânwacht okkerdeis yn aksje komme.

De gemeenteried fan Harns komt moandei by-inoar yn in ekstra riedsgearkomste. Dan wurdt der praat oer de situaasje by de REC.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
Harns REC protest
(advertinsje)