Piloat út Drachten (55) komt om by crash mei fleantúch

13 okt 2018 - 15:15

In man út Drachten is om it libben kaam doe't er mei syn fleantúch delstoarte by in fleanfjild yn Grinslân. Hy wie de iennige persoan oan board fan it fleantúch. Dat meldt de plysje.

It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. It gong om in elektrysk fleantúch, neffens de plysje. It fleantúch kaam yn in greide telâne by fleanfjild Vossenberg yn Onstwedde, en fleach yn de brân. De 55-jierrige piloat hat dat net oerlibbe.

Helptsjinsten binne manmachtich útriden. Der wie ek in traumahelikopter oproppen. Minsken fan Luchtvaarttoezicht dogge ûndersyk op it plak fan it ûngelok.

(advertinsje)