Epke Zonderland meldt him op it lêste momint ôf foar belangrike turnwedstriid

Epke Zonderland hat him op it lêste momint ôfmeld foar de turnynterlân tusken Nederlân en Switserlân. Dy is sneon yn Hoofddorp. Privee-omstannichheden binne de reden fan de ôfmelding. Zonderland wurdt meikoarten heit, mar oft dat der wat mei te krijen hat, is net bekend.
© ANP
De ynterlân yn Hoofddorp is it lêste optreden fan de Nederlânske turners foardat se op it fleantúch stappe nei it wrâldkampioenskip yn Katar. Dat begjint oer twa wiken.