UPDATE: Doarpen Dongeradiel hawwe begjin fan de jûn wer gas, seit Stedin

13 okt 2018 - 13:16

De gassteuring yn Noardeast-Fryslân is oan it begjin fan de jûn wer foarby. Dat meldt netbehearder Stedin. Troch in steuring kin der gjin gas levere wurde yn in part fan de gemeente Dongeradiel en op it eilân Skiermûntseach.

It liket derop dat de steuring te krijen hat mei in gaslekkaazje yn de greiden by Mitselwier. By graafwurksumheden soe in boer in gastransportlieding rekke hawwe. Hjir stiet in druk fan acht bar op. Minsken yn de romme omjouwing soene in klap heard hawwe, doe't de lieding rekke waard. De bewenners fan de doarpen benoarden de line Eastenijtsjerk-Ternaard binne troffen. It giet dan om Wierum en Nes. Ek de bewenners op de romte dêr sitte sûnder gas.

De netbehearder meldt dat monteurs dwaande binne de steuring op te lossen. De problemen binne nei alle gedachten oan it begjin fan de jûn wer foarby. Dat is de ynskatting fan Stedin.

Gaslekkaazje by Mitselwier - Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
gas gaslekkaazje
(advertinsje)