Syryske húshâlding iepenet supermerk yn Boalsert

13 okt 2018 - 13:14

Boalsert hat der in nije supermerk by: De Boalserter Merk. De namme is Frysk, mar de ynhâld perfoarst net. Yn de winkel binne allinnich mar Arabyske produkten te finen. De supermerk is opset troch de Syryske húshâlding Kaltakji. Trije jier lyn hie de famylje noch in supermerk yn de Syryske stêd Allepo, mar de oarloch makke dêr in ein oan.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Heit Vanis Kaltakji kaam trije jier lyn as earste nei Nederlân. Hie liet syn frou en soan efter om op syk te gean nei in nije takomst. Nei in gefaarlike tocht nei Europa kaam er yn Nederlân telâne en sân moannen letter koe ek syn húshâlding dizze kant opkomme.

In hiel drege tiid, sa seit Vanis: "We hadden niets meer in Allepo. Onze winkel was weg, er was geen werk, geen voorzienigen. Niets meer." Bliuwe hie neffens him gjin doel, mar it wie wol dreech om syn frou en soan efter te litten. Ek foar syn frou sels. Mariam: "Wij wisten niets over hoe het met hem was. Zou het lukken om weg te komen? En zou hij de gevaarlijke tocht overleven?"

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sân moannen duorre it foar't de húshâlding inoar wer seach. Vanis krige in ferbliuwsfergunning yn Nederlân en ek syn gesin mocht dizze kant op komme. Vanis gie oan de slach as postbesoarger, mar nei twa jier gie it ûndernimmersbloed dochs wer streamen. Hy woe wer in supermerk.

En dat waard dus de Boalserter Merk. Mar in supermerk yn Nederlân is dochs hiel oars as yn Syrië. "Hier moeten we ook verse producten hebben. Groente, fruit, kip. Yn Syrië hadden we al verpakte producten."

De winkel is no goed tsien dagen iepen en it hat al aardich drok west. Der komme oare flechtelingen yn de winkel, mar mear as tachtich persint fan de klanten binne Friezen. "Ze komen hier om de Arabische produkten te proeven."

De familie Kaltakji is blij met de respons yn Boalsert. "We zijn heel trots en blij," sa seit Vanis "we willen hard werken. Dat is goed voor ons, goed voor Nederland en goed voor Bolsward."

Harkje nei in reportaazje oer de winkel

Trefwurden: 
supermerk Boalserter Merk
(advertinsje)