Bysûndere wurken fan it Ryksmuseum hingje yn Harns

Gewoanwei moatte je der minimaal in oere foar yn de auto sitte, mar sûnt koart is der wurk út it Ryksmuseum yn Harns te sjen. Yn totaal 37 skilderijen fan it Ryksmuseum hingje de kommende perioade yn it Hannemahûs yn de stêd. Fan 14 oktober oant 4 febrewaris is dêr de tentoanstelling Lage Landen. Op de tentoanstelling binne skilderijen fan it Nederlânske lânskip troch de iuwen hinne te sjen. It is de earste tentoanstelling yn in searje fan fjouwer.
© Omrop Fryslân
Direkteur Hugo ter Avest is yn eigen wurden 'apetrots' op it binnenheljen fan de skilderijen fan it Ryksmuseum. Benammen om't it Ryksmuseum net faak soksoarte stikken beskikber stelt oan lytsere musea, lykas it Hannemahûs. Der hinget ûnder oare wurk fan Israels, Roelofs en Van Ruisdael.
Ter Avest hopet dat de tentoanstelling 8.000 besikers lûke sil.
Direkteur Hugo ter Avest © Omrop Fryslân
Mei it opsetten fan de tentoanstelling is der gearwurke mei musea út Hoorn, Gouda, Zutphen en Bergen op Zoom. Dêrtroch is it ek slagge om de skilderijen fan it Ryksmuseum nei Harns te bringen. It Hannemahûs is it gemeentemuseum fan Harns.
Skilderijen Ryksmuseum yn Harns te sjen