Gegevens fan tûzenen minsken op strjitte troch lek by Achmea

13 okt 2018 - 11:25

De persoanlike gegevens fan tûzenen klanten fan fersekerder Achmea binne troch in lek op strjitte kaam te lizzen. Dat meldt De Stentor. Sa'n 10 tûzen minsken soene it slachtoffer wurden wêze fan it lek. De measte fan harren wenje yn it easten en noarden fan Nederlân. Yn guon bestannen stiet ek omskreaun hoefolle jild minsken útkeard krigen hawwe.

Foto: Omrop Fryslân

Under oare BSN-nûmers, nammen en adressen binne yn ferkearde hannen fallen. Fleur Bello, wurdfierder fan Achmea seit tsjin De Stentor dat it lek by harren bekend is, en dat se it 'betreure' dat it bard is. "We hebben gesproken met een medewerker in Apeldoorn, via wie het lek lijkt te zijn ontstaan." Der wurdt tocht dat immen út de omjouwing fan dizze meiwurker de gegevens krigen hat en se fierder ferspraat hat. Wat hjir it mooglik motyf yn wie wol Achmea net sizze.

Om't Achmea der fanút gie dat de gegevens net fierder ferspraat binne, hawwe se de tûzenen klanten net ynformearre. "Dat hebben we ook aan de Autoriteit Persoonsgegevens aangegeven. Maar nu is het toch verder verspreid. Omdat er een medewerker bij betrokken was, was het ook erg privacygevoelig."

Trefwurden: 
Achmea datalek
(advertinsje)