"Sa mâl as dit haw ik noch nea meimakke"

13 okt 2018 - 08:35

Al hast 30 jier spaant Ruud Hoekstra om op de begraafplakken fan De Fryske Marren. En drûchte hat de begraafplakbehearder wol faker sjoen, mar sa mâl as no hat it noch nea west. "Allinnich op it begraafplak fan De Lemmer is al fjouwertûzen kante meter hielendal giel wurden en yn hiel de gemeente giet it wol om sa'n tsientûzen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De drûchte fan ôfrûne simmer hat foar flinke skea soarge op de begraafplakken. En dêr wêr't it op oare plakken net hiel slim is om gers in skoftke giel te litten, is dat net wat se op begraafplakken wolle.

"De útstrieling fan it begraafplak moat sa gau mooglik wêr werom nei hoe't it heart," seit Hoekstra.

Dêrom wurdt dizze wike op de begraafplakken it gers ferfongen. "Mei in fertikuteermasine meitsje we de grûn los en wurdt der nij gers ynsiedde. Eins binne we dêr al wat te let mei, mar troch it moaie waar tinke we dat it noch oanslacht."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It wurk kostet in goeie wike en moat regelmjittich stillein wurde as der bygelyks in begraffenis plakfynt. Ek moat der foarsichtich wurke wurde, want de grûn by de grêven sels is sêfter as op oare plakken.

Se wurkje dêrom ek mei in spesjale masine dy't dêrfoar ûntwikkele is. "En dêr is der mar ien fan yn hiel Nederlân", sa seit Hoekstra.

Ruud Hoekstra

Trefwurden: 
gers begraafplakken
(advertinsje)