Kollum: "Provinsjes fermoardzje hobbyboeren"

"Hoera, de wolf komt werom yn Nederlân. No, lit dat hoera mar even fuort. Ik wit net oft jimme wolris op Youtube sjoen hawwe hoe't in wolf tekear giet as er in skiep fermoardet, mar dan soe it samar wêze kinne dat jimme krekt wat minder posityf oer dy rôver binne. De wolf is in majestueus en mytysk bist dat eartiids hjir ek foarkaam. No't we yn bistelobby-rûntsjes besletten hawwe dat we in part fan it oanharke Nederlân fan no ôf oan natuer neame, is it paad frij foar de wolf om hjir wer werom te kommen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Alle tsjinstanners wurdt in rêd foar eagen draaid, want de bisteklups wolle ús leauwe litte dat de wolf suver hast fegetariër is. It bist docht eins nimmen kwea, as er al honger hat, pakt er noch earder in kroket by de Febo út de muorre dan dat er ien fan de op it lân rinnende bisten fan de boeren te pakken nimt. Nee, jimme kinne rêstich sliepe, de wolf docht neat. Hy is krekt sa ûnskealik as de foks en de swarte krie. Der sit suver gjin kwea yn. Neat stiet Bor en syn soartgenoaten yn de wei om Het Buitenste Buitenbos wer as wengebiet yn te nimmen.
Ik bin myn hiele libben al hobbyboer. Al fan jongs ôf bin ik gek op bisten, en dan benammen op hinnen en geiten. Doe't ik in jonge wie, stie hast by alle hûzen wol in geit oan it spit of rûnen der in pear skiep yn in kampke lân. Dat byld is feroare. Hobbyboeren binne der hast net mear. Dat komt omdat de oerheid harren uterste bêst docht om dy hobbyisten it libben sa soer mooglik te meitsjen. De papierwinkel dy't je byhâlde moatte weaget sa stadichoan net mear op tsjin de wille dy't de bisten je jouwe. Sa komt it dat de measte hobbyboeren de geiten yn de shoarma ferdwine litten hawwe. Net omdat se dat graach woene, mar de opleine papieren rompslomp út Den Haag en Brussel waard harren gewoan tefolle gemier.
De boeren krije in fergoeding as ien fan de wolven wer in slachfjild ûnder harren fee oanrjochte hat. Want lit jimme net foar de gek hâlde troch de Patij foar de Dieren en oare falske profeten, de wolf is in prachtich bist, mar ek in moardsuchtich bist dat it hjoed as moarn net by in skiep litte sil. Yn 2017 is yn Grikelân in Britske frou om it libben kaam troch wolven. Ja, dat hawwe se jimme noch mar even net ferteld by alle halleluja ferhalen oer dy prachtige wolf.
'Hobbyboer krijgt schade door wolf niet meer vergoed' stie tiisdei yn de Volkskrant. De provinsjes binne fan doel om yn bepaalde gefallen de skea troch wolven net mear te fergoedzjen oan hobbyboeren. De reden is wer in prachtich stikje amtlike kryptyske moaipraterij: 'Als, zoals verwacht, een roedel wolven zich volgend jaar in Nederland vestigt, krijgen de niet beroepsmatige boeren na één jaar hun dode dieren niet meer vergoed.'
Dus wurde al dy hobbyboeren, dy't foar in grut part ferantwurdlik binne foar it yn stân hâlden fan seldsume rassen, ús kultureel erfgoed, troch de oerheid wer ris stienkâld falle litten.
Dy lju dy't soks betinke hawwe grif noch nea in geit yn de earmen hân as je dy nei 15 jier fersoargjen ynsliepe litte moatte omdat it bist pine hat. Dy lju witte net hoefolle in boer fan syn bisten hâldt, oft er no fee foar de hobby hat as foar syn brea. It is in hufterige maatregel, betocht troch minsken dy't safier fan de natuer ferfrjemde binne dat se echt tinke dat wolven Febo kroketten frette.
De oerheid is mei ferantwurdlik foar it yn stân hâlden fan ús kultureel erfgoed. Hielendal as it om libbene bisten giet. Mar as hobbyboer merke je dêr al jierren in ferrekt lyts bytsje fan. As de oerheid ditsoarte maatregels nimt, is sy aanst ek diels ferantwurdlik foar it útstjerren fan ynheemske rassen."