Finansjele problemen foar Ljouwerter poppoadium Neushoorn

13 okt 2018 - 07:00

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert hat finansjele problemen. Neushoorn komt struktureel twa ton it jier tekoart, op in totaalbudzjet foar programmearring fan 245.000 euro. Dat seit direkteur Yvonne Bleize. Se freget de gemeente om de subsydzje te ferheegjen mei twa ton, oars kinne se net mear oan de opdracht fan de gemeente foldwaan. Yn dy opdracht stiet dat Neushoorn mear wêze moat as in regulier poppoadium; it moat in kreative hotspot wêze. Mocht der net mear jild komme, dan hat dit gefolgen, ferwachtet Bleize.

Troch Wendy Kennedy

Hege ambysjes

It poppoadium is no sa'n trije jier iepen en is de opfolger fan poppoadium Romein. "We krijgen relatief minder geld dan Romein destijds kreeg voor programmering, terwijl we groter zijn en onze opdrachtomschrijving vanuit de gemeente van een hoger niveau is", fertelt Bleize.

Sa moat it in breed poadium wêze foar alle Ljouwerters, in plak foar talintûntwikkeling en it moat ûnderskiedend wêze fan oare poppoadia. "We zijn van start gegaan met de boodschap van de gemeente: kijk maar hoe ver je komt met de middelen die je nu hebt."

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neushoorn krijt op it stuit 570.000 euro subsydzje fan de gemeente, wêrfan't 245.000 euro bedoeld is foar de programmearring. Jierliks giet it om ûngefear 500 aktiviteiten. Foargonger Romein krige 270.000 euro subsydzje, wêrfan't 170.000 euro nei programmearring gie. Dêrfan waarden sa'n 90 aktiviteiten organisearre.

Grutte gefolgen

Wol hat Neushoorn oer de earste trije jier ekstra jild fan de gemeente meikrigen foar de oanrinkosten. It giet om 140.000 euro it jier, yn totaal 420.000 euro. Mei dat jild hat Neushoorn de tekoarten oant no ta dekke kind.

Neffens Bleize soe der struktureel twa ton bykomme moatte, oars hat dit grutte gefolgen: "Dan kunnen we niet meer aan de opdrachtomschrijving van de gemeente voldoen. De gemeente moet dan nadenken wat ze wil."

Der is dan in reële kâns dat Neushoorn dan in regulier poppoadium wurdt. "Dan gaan we terug naar de basis en is alles wat we de laatste drie jaar hebben opgebouwd weggegooid geld."

Friesland College

Neushoorn wurket nau gear mei de kreative MBO-oplieding D'Drive fan it Friesland College, dy't ek yn it gebou fan it poppoadium sit. As der gjin ekstra jild komt, sil dat ek gefolgen ha foar D'Drive, ferwachtet Bleize. "We moeten met de gemeente om tafel om te horen wat dan nieuwe doelstellingen worden." Mar mei minder jild kinne je minder, wêrtroch't der minder praktykmooglikheden binne foar de studinten.

It Friesland College wol net ynhâldlik reagearje, sa litte direksje en it bestjoer yn ûndersteande skriftlike reaksje witte:

Als belangrijke partner in de ontwikkeling van Neushoorn als Creatieve Hotspot volgt het Friesland College vanzelfsprekend hoe alles loopt op financieel gebied. Neushoorn en D'Drive - onze school voor de creatieve industrie - zijn immers vanaf de start sterk aan elkaar verknoopt. Wij zoeken dan ook graag mee naar manieren om elkaar te versterken, waarbij wij er alle belang bij hebben dat onze studenten zich hier zo maximaal mogelijk kunnen ontwikkelen.

Wij zijn blij met Neushoorn als praktijksituatie, die erg goed past bij de manier waarop we studenten bij het Friesland College bij voorkeur laten leren. Vanzelfsprekend gaan wij dan ook graag aan de slag met ideeën en plannen, waarin Neushoorn kan werken aan een duurzame toekomst én wij onze studenten nieuwe kansen en inspiratie kunnen bieden.

Die houding past bij D'Drive. Maar zo lang exploitatie en begroting van Neushoorn onderwerp zijn van discussie in de politiek, willen wij ons graag onthouden van een oordeel over dit onderdeel van de samenwerking.

Foto: Omrop Fryslan

Gemeente komt mei in oplossing

In pear wike lyn hat kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma de gemeenteried yn it geheim bypraat oer Neushoorn. Takom wike komt de gemeente nei alle gedachten nei bûten ta mei in oplossing foar de finansjele problemen by Neushoorn.

Ek wurdt dan mear bekend oer hoe't it komt mei dbieb, dy't sûnt de ferhûzing nei de Blokhúspoarte ek finansjele problemen hat.

(advertinsje)