Hearrenfeanspylster Tiny Hoekstra mei ynterview net yn it Frysk dwaan fan har trainer

12 okt 2018 - 23:42

Fuotbalster Tiny Hoekstra, dy't freed foar SC Hearrenfean skoarde tsjin Ajax, mocht nei de wedstriid fan har trainer Roeland ten Berge gjin ynterview yn it Frysk jaan foar de kamera fan Omrop Fryslân.

Tiny Hoekstra nei Hearrenfean - Ajax

De reden? "Het moet in het Nederlands, zodat het Nederlandse publiek het ook kan verstaan en geen ondertiteling nodig heeft." En dêrom fertelde Tiny Hoekstra út Rinsumageast yn it Nederlânsk wat se fan de wedstriid fûn.

Foarsitter fan de Hearrenfean-froulju, Froukje Hofma, reagearret op Twitter: "De meiden van het team willen graag horen wat Tiny zegt en (als het in het Fries is) verstaan ze het niet. Maar als echte Friezin ben ik er zeker niet op tegen." Neffens Hofma is it gjin belied dat de froulju gjin Frysk prate meie tsjin de parse.

Hoekstra sette Hearrenfean healwei de earste helte op 1-0. Yn de blessueretiid fan de wedstriid makke Ajax dochs de gelykmaker, wêrtroch't wedstriid yn 1-1 einige.

(Advertinsje)
(Advertinsje)