Wedstriid UNIS Flyers yn Den Haag staakt

12 okt 2018 - 23:25

De wedstriid fan de UNIS Flyers tsjin HIJS Hokij yn Den Haag is freedtejûn staakt doe't de Feansters mei 4-2 foar stiene. Neffens de skiedsrjochter waard de wedstriid stillein fanwegen de kwaliteit fan it iis, mar der wiene trochút de wedstriid ek oare ûnregelmjittichheden.

Foto: UNIS Flyers

Sa wie der in de earste perioade in knokpartij en moast der oan it begjin fan de twadde perioade in rút ferfongen wurde. Ek wie der argewaasje doe't Jasper Kick fan efteren in klap krige.

Foarsprong Flyers

UNIS Flyers begûn sterk oan de wedstriid. Nei de earste perioade stie it 1-4 yn it foardiel fan de Feansters. Goals wiene der fan Adam Bezak, Pippo Limnell, Kevin Nijland en Brent Janssen. By in 2-4 foarsprong foar de Feansters waard de wedstriid staakt.

(advertinsje)